|

Pleatsen yn en om Folsgeare hinne


Pleatsen yn en om Folsgeare hinne
©: Atlas Friesland

Alle âlde typen pleatsen dy’t yn Fryslân foarkomme, steane yn en om Folsgeare hinne, útsein it langhûs type.

1. Kop Hals Romp pleats  (Pastorij pleats)

2. Kop romp pleats  (Walma state)

3. Dwershûs pleats  (Scheender state)

4. Stjelp pleats  (Suderburen)

5. Gearstalde pleats  (Carpe Diem)

It Langhûs.

De boer wennet op de feanterp tegearre mei it fee yn in iepen romte ûnder ien dak. De ûntwikkeling fan de pleats komt yn in nije fase, wannear’t de boer skieden fan it fee wennet. It wenhûs is skieden fan de skuorre troch it middenhûs, dat leger is as it foarhûs. Dêrefter de skuorre, dy’t fariearret nei geraden it tal stiks fee dat de boer hat. It hea wurdt njonken de pleats yn de heaberch opslein. 

It lêste langhûs mei byhearrende heaberch yn Fryslân stiet, folslein restaurearre, yn it doarp Warten. It is as museum ynrjochte ( boujier 1725)

© Tekst: Wytske Heida © Foto voorblad: Atlas Friesland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Foto’sDokuminten



Reageare

Via onderstaand formulier kunt u een reactie achterlaten voor de auteur of de eigenaar van het item. (Dorpsbelang Folsgeare)