|

Grou en omkriten


Grou en omkriten
©: FrieslandWonderland

’Hert fan Fryslân’, sa wurdt Grou faak neamd. Letterlik sjoen kin men dêr eins net folle op ôftingje: it doarp leit likernôch yn de midden fan de provinsje. Yn oerdrachtlike sin is der lykwols ek in soad te sizzen foar dy beneaming: Grou stiet symboal foar Fryslân as wettersportprovinsje. It doarp is net om `e nocht it prachtige dekôr foar de iepeningswedstriid fan it jierlikse ’skûtsjesilen’ op de Pikmar en de Wide Ie. Benammen yn de moannen juny, july en augustus is Grou in tige drok besocht en brûzjend wettersportsintrum. Mar it doarp hat mear te bieden as allinne it wetter, folle mear.

Fóar de opkomst fan de wetterrekreaasje wie Grou al in bloeiend doarp. De sintrale lizzing en it wetter dat der oeral is wienen geunstich foar hannel, skipfeart, fiskerij en lyksoartige bedriuwichheid, lykas skipswerven, seilmakkerijen en touslaggerijen. Der wie net allinne in soad wetter om it doarp hinne, mar ek ýn it doarp. It measte dêrfan is tichtsmiten, mar de ’arsjipelstruktuer’ is noch dúdlik te sjen. De kombinaasje mei de meast foarname bebouwing soarget foar in sfearfolle en foar in part deftige ambiânse.

In unyk barren is it Sint Piterfeest, dat alle jierren op 21 febrewaris fierd wurdt en min of mear de Grouster wjergader is fan it Sinteklaasfeest. It feest is neamd nei de beskermhillige fan de fiskers en de skippers. Oan dy Sint Piter is ek de ymposante tolfde-ieuske tsjerke wijd. Oare bysûnderheden dy`t de muoite fan it besjen wurdich binne binne it mineralogysk museum en it yn 1942 boude riedshûs, mei yn de kelder museum De Trije Grietenijen.

Súdlik fan Grou leit Akkrum, in oar typysk wettersportdoarp. Wat minder drok as Grou, mar ek tige libben en gesellich. It doarp is de skeakel tusken de Fryske Marren en de Turfrûte, in rekreative farrûte troch súdeast Fryslân, de Kop fan Oerisel en it westen fan Drinte. Lykas Grou is Akkrum ek foar de net-wettersporter oantreklik. Troch de ôfwikseling fan meast karakteristike bebouwing mei moaie iepen romten is it sûnder mear in fraai doarp.

Hiel bysûnder is Coopersburg, yn 1901 boud as ’tehuis voor minvermogende ouderen’. It is neamd nei de begoedige stichter Folkert Harmens Kuiper, dy`t 23 jier âld út Akkrum emigrearre wie nei Amearika en him dêr Cooper neamde. Yn it derby hearrende park liet er foar him sels en syn frou in prachtich mausoleum bouwe. In oar bysûnder gebou is Welgelegen, yn 1924 boud as ’tehuis voor ongetrouwde dames en weduwen’. Keunstleafhawwers kinne terjochte by Atelier Wynske en Atelier Zuup (in Nes). En wolle jo ris hiel wat oars? Doch mei oan it Open Fries Kampioenschap Slingeraap, dat alle jierren yn Akkrum holden wurdt.

De Kromme Knilles slingeret ek, sa’t de rivier de Boarn tusken Akkrum en it Prinses Margrietkanaal hjit. Oan de oare kant fan dat kanaal leit Jirnsum, in sfearfol wettersportdoarp, krekt wer wat rêstiger as Akkrum. Hjir hat de Boarn de alles betsjuttende namme ’Rak fan Ungemak’: troch it grutte tal bochten koe men de rivier net maklik besile. De skiednis fan it doarp wurdt wiidweidich en aardich ferwurde en ferbylde op www.irnsum.nl.

Bûten de trije wettersportdoarpen fine jo wier in oäze fan rêst. Greiden sûnder ein, wetter, prachtige fiersichten, monumintale pleatsen en hjir en dêr in ferstille doarpke. In paradys foar fytsers, ruters, kuierders en skeelerders. Fytsen kinne jo hiere yn Grou of Akkrum. In moaie en goed dokumintearre rûte is ’De 8 van Grou’, te krijen by de VVV. Mar jo kinne de omkriten fansels ek hiel goed op eigen manneboet ûntdekke. In must foar natuerleafhawwers is it gebiet om Goaiïngahuzen hinne, súdlik fan de Pikmar en de Wide Ie. Hjir lizze de Botmar en it "Unlân van Jelsma en Kobbelân". Trije houtene spinnekopmoles meitsje it plaatsje folslein.

Grou mei dan ’it hert fan Fryslân’ wêze, it échte middelpunt is Eagum, ién fan de lytste doarpkes fan de provinsje. Teminsten, it wíe ea it middelpunt. Mooglik. Neffens de oerlevering stiet de opfallende, sûnt inkelde ieuwen losse, tsjerketoer sels deun neist it middelpunt fan de wrâld.

Nijsgjirrich? Gean it sjen!

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen