|

Noardwest-Fryslân: terpen, diken en polders


Noardwest-Fryslân: terpen, diken en polders
©: FrieslandWonderland

Yn gjin inkelde oare streek is de ieuwenlange striid tsjin it wetter mear ’oanwêzich’ yn it lânskip as yn Noardwest-Fryslân. De ieuwenâlde terpen en de ymposante hjoeddeiske waaddyk binne it meast opfallend. Wat minder dúdlik oanwêzich binne alle âlde diken dy`t har troch it gebiet slingerje, mei dêrûnder de romrofte Slachtedyk.

Yn de midsieuwen wie it noardwesten fan Fryslân noch in eilân, Westergoa. It waard omsletten troch de Middelsee en de Marne, twa see-earms dy`t tusken Boalsert en Snits byelkoar kamen en stadichoan tichtsliken en ynpoldere waarden. De ûntsteansskiednis hat resultearre yn in prachtich moai gebiet mei ôfwikseljend ’âld’ en ’nij’ lân, fantastyske fiergesichten, leaflike doarpkes en trije boeiende stêden: Boalsert, ien fan de twa Fryske Hânzestêden; Frjentsjer, de twadde stêd yn Nederlân mei in universiteit; en Harns, havenstêd en tagongspoarte ta it Wrâlderfgoed Waadsee. Oan de Iselmar leit it iennige echte badplak fan Fryslân: Makkum, dat net sûnder reden faak de ’tolfde stêd’ fan Fryslân neamd wurdt.

Noardwest-Fryslân hat foar jong en âld fan alles te bieden. Jo fine dêr in wûndermoai lânskip, romte, rêst, natuer en in rike kultuerhistoarje; jo kinne dêr fytse, kuierje, farre, sile, surfe, winkelje, útgean en noch folle mear.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen