Yn en om Ljouwert
Ljouwert: ien fan de Fryske Alve Stêden, start- en finishplak fan de ferneamde Alvestêdetocht en net om `e nocht al mear as 500 jier de haadstêd fan Fryslân. De lange en rike skiednis is op in soad plakken yn de stêd noch fielber en sichtber.
Tagelyk is Ljouwert in moderne en libbene stêd, wat mei te tankjen is oan de oanwêzichheid fan ferskate ynstellingen foar middelber en heger ûnderwiis en sa’n 20.000 studinten. De stêd hat hiel wat te bieden op it mêd fan keunst en kultuer, film, muzyk, nije media, winkeljen, útgean, ensfh.
Mar lit jo foaral net beheine ta it sintrum allinnich. Dêromhinne lizze ferskate opmerklike buertsjes en wiken dy’t yn stêdeboukundich en architektoanysk opsicht tige de muoite wurdich binne. Op guon plakken binne dêryn de buorskippen en doarpkes noch werkenber dy`t yn de rin fan de tiid troch de stêd opslokt binne.
En geane jo noch in lyts eintsje fierder, dan sjogge jo al gau út op it prachtige Fryske lânskip: einleaze fiergesichten, terpen, ieuwenâlde tsjerkjes, skilderachtige doarpkes, molens, âlde diken...
Colofon
FrieslandWonderland