|

It Fryske Haachje


It Fryske Haachje
©: FrieslandWonderland

It Hearrenfean hat ynternasjonale bekendheid fanwegen it reedriden. Thialf wie fan de hiele wrâld de twadde oerkape 400 meterbaan en jildt noch hieltyd as íen fan de iisbanen yn’e wrâld mei de hurdste tiden. Dêrneist is It Hearrenfean fansels bekend fan de fuotbalklup mei deselde namme en it nei de legindaryske fuotballer Abe Lenstra neamde stadion. Mar dizze ’sportstêd’ en har omkriten hawwe mear te bieden, folle mear!

It Hearrenfean is fanâlds in feankoloniale delsetting. Yn 1551 waard troch de notabelen Van Dekema, Van Cuijk en Foeyts, de ’heeren van het veen’, de ’Schoterlandse Veencompagnie’ oprjochte, de âldste Nederlânske heechfeankoloanje en de op íen nei âldste ’Naamloze Vennootschap’ fan Nederlân. Se begûnen mei it graven fan de Hearresleat, dêr`t de turf ôffierd wurde soe. Heaks dêrop waard yn eastlike rjochting de Skoatterlânske Kompanjonsfeart groeven, dêr`t it lêste stik fan, méi troch de ûntginning fan it fean, hieltyd fierder opskode. It Hearrenfean is ûntstien by it krúspunt fan dy turffearten. Dy fearten waarden de definitive grinzen fan de besteande ’gritenijen’ (gemeenten). Oant der yn 1934 in gruttere gemeente kaam mei de namme ’Heerenveen’ - dy`t bestie út de eardere gemeenten Skoatterlân, Eanjewier en in part fan Haskerlân - lei It Hearrenfean ieuwen lang yn trije ferskillende gemeenten. It ferline én it hjoed fan It Hearrenfean en omkriten wurdt op boeiende wize ferteld en ferbylde yn Museum Willem van Haren. In apart diel dêrfan is alhiel wijd oan de dûmny, frijtinker, sosjalist, anargist en anty-militarist Ferdinand Domela Nieuwenhuis, dy`t him bysûnder ynset hat om de jammerdearlik minne libbens- en arbeidsomstannichheden fan de feanarbeiders yn it gebiet te ferbetterjen.

Dy libbensomstannichheden wienen in grut ferskil mei dy fan de notabelen dy`t har yn de rin fan de ieuwen te wenjen setten yn it gebiet súdeastlik fan It Hearrenfean, dat ûnderwilens ûntgonnen wie. Yn 1676 lieten de Fryske steedhâlder Willem Freark en syn frou, Albertine Agnes fan Oranje, dêr in bûtenpleats oanlizze. Dêrnei kamen tal fan oare notabelen dy`t yn it gebiet lânhuzen bouden en parkeftige tunen oanleinen. Sadwaande is in hiel bysûndere konsintraasje ûntstien fan bûtenpleatsen mei byhearrende tsjinstwenningen en pleatsen, ieuwenâlde bosken, steatlike leanen en prachtige parken. Meiïnoar is it de tsjintwurdige bûtenpleats Oranjewâld, in gebiet fan 400 hektare dat beheard wurdt troch ’Staatsbosbeheer’. De bynamme ’Pronkseal fan Fryslân’ seit eins alles

In part fan de bûtenpleats waard ûntwurpen troch Daniël Marot, dy`t ek de tunen fan paleis ’Het Loo’ ûntwurpen hat. Dat part is yn 2004 yn syn oarspronklike, barokke styl rekonstruearre. Dêrby waard it gebiet ek útwreide mei in nije tún, dêr`t it nij boude Museum Belvédère (museum foar moderne Fryske keunst; in oanrikkemandaasje!) mei in strakke foarmjouwing, op fraaie wize yn yntegrearre is.

Bûtenpleats Oranjewâld kin men it bêste rinnend besjen. Troch ’Staatsbosbeheer’ is in kuierrûte útset fan mar leafst 19 kilometer.

De widere omkriten binne in skitterjend, tige ôfwikseljend dekôr foar fytstochten. Noardlik fan it boskgebiet lizze de arsjitektoanysk en stêdeboukundich nijsgjirrige wenwyk Skoatterwâld en it al neamde Museum Belvédère. Yn súdlike rjochting giet it boskgebiet frij hommels oer yn it iepen lânskip dat bestiet út greiden oan wjerskanten fan de rivier de Tsjonger. Nei it easten ta is der in stadige oergong nei in heal iepen lânskip.

It Fryske Haachje, sa as It Hearrenfean en omkriten ek wol neamd wurdt, hat alles te bieden foar in oangenaam ferbliuw. De libbenens fan sport- en winkelstêd It Hearrenfean, de rêst, de natuer en de kultuerhistoarje fan Oranjewâld, de kultuer, arsjitektuer en stêdebou fan Museum Belvédère en Skoatterwâld én it grutte ferskaat fan lânskippen fan de widere omjouwing.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland
Lês mear

Relatearre ynformaasje


Onderwerpen