Gaasterlân
Goede waar priizget himsels. Dat jildt eins ek foar Gaasterlân, in unyk stikje Nederlân. It licht gloaiende lânskip lit in tige grutte fariaasje sjen: greiden, boulân, bosk, heide, reidlannen, sompe, wetter, leechlizzende bedike polders en heechlizzende ’gaasten’ en kliffen. Ieuwen lyn al wie it gebiet ’tusken Mar en Klif’ (de Fryske marren en de kliffen by de Iselmar lâns) yn trek as wengebiet foar de adel. En doe`t yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu hiel stadich it toerisme begûn op te kommen, wie Gaasterlân net om `e nocht ién fan de earste gebieten dy`t dêrfan profitearren. Foar in hiele soad hat de namme fan it gebiet in magyske klank dy`t jin fakânsjes yn `t sin bringt dy`t men dêr trochbrocht hat. De lange toeristyske tradysje betsjut ek dat it gebiet hielendal ynsteld is op it toerisme. Nettsjinsteande soks hat Gaasterlân syn autentisiteit folslein behâlde kind.
Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten en It Fryske Gea beheare yn Gaasterlân in grut tal ferskillende gebieten dy`t om har natuerlike en/of lânskiplike wearde wol beskerming ha moastte: bosken, heidefjilden, kliffen, polders en bûtendykse gebieten. It binne te folle om op te neamen; en it neamen fan in stikmannich soe de oare gebieten tekoart dwaan. Dêrom: sjoch sels mar ris op de websteeën fan dy organisaasjes en ûntdek sa it grutte ferskaat fan natuer en lânskippen. Binne jo ienris yn it gebiet, dan rikkemandearje wy in besite oan it streekynformaasjesintrum ’Mar en Klif’ tige oan. It sintrum sit yn it moaie brinkdoarp Aldemardum en biedt in skat oan ynformaasje oer de natuer, de skiednis en de kultuer fan Gaasterlân.
Men kin it gebiet op in soad ferskillende manieren ûntdekke. Mei de fyts, kuierjend, op it hynder, op de motor of mei de auto; op Route Zuidwest Friesland kinne jo oanjaan wat jo wolle en dêrnei kieze út rûten dy`t foldogge oan jo winsken. Mei sin foar fytsers is der ek in knooppuntenetwurk ûntwikkele: op grûn dêrfan kinne jo jo eigen rûte gearstalle.
It skildereftige rivierke De Luts, de Van Swinderenfeart, de Spûkershoekfeart en de Rysterfeart binne geskikt foar de lytse wettersport. Meiïnoar foarmje se it trajekt fan de Alvestêdetocht dat troch Gaasterlân giet en de Sleattemermar en De Fluezen meiïnoar ferbynt. De rûte giet oer in lyts marke dat ûntstien is troch it ôfgraven fan sân foar it oanlizzen fan de N359. Tsjintwurdich is it in part fan natuergebiet Wyldemerk, dat yn 2007 útroppen waard ta it earste libellereservaat fan Nederlân. De rêst fan no is in grut ferskil mei de skiednis fan it plak, dat ek de namme (’Wylde Merk’) ferklearret. It ferhaal wol dat hjir lang lyn alle jierren in (wyld) heidensk feest holden waard ta ôfskied fan de simmer. Wís is dat it letter, oant de ein fan de njoggentjinde ieu, it plak wie foar in jiermerk mei in merke, dêr`t it nochal ris wyld om en ta gean koe... Fan 1954 oant 1969 siet der yn it gebiet in barakkekamp foar islamityske Molukkers. De moskee dy`t dêr boud is wie de twadde fan Nederlân. Súdeastlik fan Wyldemerk leit in prachtige, 9-holes natuergolfbaan. Dy baan hat as earste yn Europa in saneamd ’Grienlabel’ krigen om it spesjale omtinken foar de natuer by sawol it oanlizzen as it behear.
It dwaan fan boeregolf heart ek ta de mooglikheden, bygelyks by IJsboerderij De Bûterkamp yn Aldemardum. Dêr wurde ek ekskurzjes organisearre en, de namme seit it al, der wurdt ambachtlik iis makke én ferkocht. As jo nei it iten fan dat iis (suver) alles witte wolle oer kij, dan kinne jo terjochte yn it Koeienmuseum yn Nijemardum. In oar museum mei in bysûnder tema is it Scheermuseum yn Bakhuzen. In prachtich útsicht oer it lânskip fan Gaasterlân hawwe jo fan de loftwachttoer ôf dy`t yn de tiid fan de Kâlde Oarloch boud waard westlik fan Aldemardum, op it heechste punt fan Gaasterlân. It is efkes klauterjen, mar dan hawwe jo ek wat! Gewoan lekker op it strân lizze kin fansels ek, bygelyks by De Hege Gerzen. In aardich útstapke foar bern is ta beslút Sybrandy’s Ontspanningspark tusken Aldemardum en Riis.
In beskriuwing fan in gebiet as Gaasterlân is fansels nea folslein; dêrfoar is der gewoan te folle te sjen, te dwaan, te belibjen en te ûndergean. Foar dat probleem is mar ién oplossing: it gebiet séls ûntdekke! Jo binne fan herten wolkom.
Colofon
FrieslandWonderland