Dantumadiel
In part fan it lânskip fan de gemeente Dantumadiel kipet der út troch it sletten en smûke karakter fan de Fryske Wâldstreek: hegere pleistosene sângrûnen, dy’t bûten de direkte ynfloed fan de see ûntstien binne. Dat gebiet (tusken Rinsumageast, Driezum en De Falom) foarmet de noardwestlike útrinner fan it Drinsk plato. Bûten dat gebiet giet it kûlisselânskip oer yn in iepen en rûm lânskip, it saneamde Bûtenfjild tusken Rinsumageast , Broeksterwâld , Feanwâlden en Readtsjerk. Dy grûnen lizze ûnder NAP en binne in útrinner fan it grut leechfeangebiet dat bekend is as It Lege Midden fan Fryslân.
Troch Dantumadiel hinne rinne fiif ridlik wichtige wetterwegen.
De Dokkumer Ie is de wichtige farferbining tusken Dokkum en Ljouwert. De Strobosser Trekfeart oan de noardeastside; de Swemmer oan de súdeast kant en de Feanwâldsterwâlfeart oan de súdwest kant. Dwers troch de gemeente hinne leit de Falomsterfeart. Dy niisneamde wetters wurde hieltyd wichtiger foar de rekreaasje. Benammen wat de Swemmer oanbelanget is dat it gefal. Dat kanaal is in ferbining tusken it Fryske marregebiet en it Lauwersmargebiet.
Rekreaasje
De gemeente Dantumadiel hat in soad natoermoaiens en jout ferskate rekreaasje-mooglikheden.
De gemeente hat de lêste jierren flink ynfestearre yn de rekreative ynfrastruktuer. Der binne in stikmannich natoergebieten, bygelyks de Houtwiel, de Sippefennen en it Ottema Wiersmareservaat.
Dy gebieten binne oer it generaal tagonklik foar natoerleafhawwers. Mei kano of flústerboat kinne jo ûnder oaren fan Feanwâldsterwâl út genietsje fan it natoergebiet dat der deun by leit. As jo oer de Goddeleaze Singel kuierje of fytse dan komme jo by it natoergebiet De Houtwiel lâns.
Yn de gemeente binne der rûnom mooglikheden om te oernachtsjen op ien fan de (mini) campings, op in Bêd en Brochje-adres of yn ien fan de twa hotels. Op it mêd fan deirekreaasje binne der oan de Eeltjemar by Rinsumageast mooglikheden om te swimmen. Fierders is der Rinsma-Pôle by Driezum. In terrein by De Westerein is yn ûntwikkeling. Dêrnjonken binne der mooglikheden om kano’s te hieren, te fierjleppen en is der in oerdutsen boarterstún by De Westerein foar een aktive deibesteging. Kuiderje en fytse is mooglik fia ferskate rûtes en hystoaryske nijsjirrichheden.