Carpe Diem - Folsgeasterleane 4
Eartiids stiene der yn it gebiet oan’e eastkant fan Folsgeare oant Snits in soad pleatsen dy’t troch rinderspaden mei elkoar ferbûn wiene. Om’t dizze rinderspaden in grut part fan it jier ûnbegeanber wiene, gie it ferfier oer it wetter. De measte pleatsen binne ferdwûn en it gebiet is foar it grutste part bedriuwenterrein wurden. Der binne nije wegen oanlein en yn plak fan hynders en karren sûze der no daagliks tûzenen auto’s oer de neistlizzende autodyk.
Mar noch net alles is ferdwûn. Iensum stiet der noch ien pleats as in oantinken oan eardere tiden. Dizze pleats hat de namme “Carpe Diem”. Der wurdt net mear buorke, mar de pleats hat oant de dei fan hjoed de útstrieling fan in grutsk ferline.
De pleats hat in lange skiednis. Ut’e argiven witte wy dat der op dit stee al hiel lang buorke wurdt. Yn 1511wenne hjir in Broer Hottyaz. Yn 1778 is de pleats eigendom fan Johannes Hendriks en wurdt hierd troch Heere Cornelis. Yn 1786 lit Johannes Hendriks der in nije pleats del sette en hy set yn 1787 de neikommende advertinsje yn de LC.
De Secretaris ADEMA, zal op Dinsdag den 11 December ’s Namiddags om één uur in de Witte Arend te Sneek by strijkgeld verkopen.
Een Stemdragende ZATHE en LANDEN, met een Nieuwgebouwde Huizinge en Schuure gelegen te Folsgare, groot over het geheel 61 en drie vierde Pondematen, alle beste griedlanden belast met 25 floreen, te huur doende boven alle lasten 330 Gl. by Heere Cornelis bewoond, Petry en May 1797 vry van Huur.
Locatie
Folsgare