Boustyl: Romano-gotyk
Datearring: 12de ieu
Restauraasje: 1975-1976
Lizzing: It doarp is ûntstien op in âlde kwelderwâl. Om 1900 hinne is de terp dêr’t de tsjerke op stiet foar in grut part ôfgroeven.
Eksterieur: De tsjerke bestiet hast hielendal út dowestien. Hy is mei bakstien ferhege en fergrutte. De ynboude sealtektoer foarmet mei de neistlizzende romten noardlik en súdlik derfan in aardich geef, saneamd redusearre westwurk. Oan de noardkant binne noch spoaren fan in ôfbrutsen bouwsel (sakristy) te sjen. De súdmuorre wurdt oan de meast westlike kant ôfsletten mei in rûnbôgefries.
Ynterieur: It oargel út 1913 is boud troch Bakker en Timmenga.
Gebrûk hjoed-de-dei: de tsjerke fan Hijum hat in rom gebrûk. By de restauraasje nei de oername yn 1975 is der gjin keuken, húske of ferwaarming oanbrocht. It gebou is wol gewoan te besytsjen. De kaai kin ophelle wurde op it adres Skoallestrjitte 6 yn Hijum.