Boustyl: Romaansk
Datearring: 11de ieuw
Restauraasje: 1962-1965
Lizzing: De tsjerke leit op de heechste terp fan Fryslân, dy’t yn de jierren 1896-1905 ôfgroeven is. Fan de terp ôf hat men in moai útsicht oer it flakke lân mei om jin hinne de toerspitsen fan de tsjerken fan Hallum, Holwert, Blije en Ferwert.
Eksterieur: De tsjerke stiet op de heechste terp fan Fryslân (hast njoggen meter boppe NAP). By it ôfgraven fan de terp waard in grêffjild ûntdutsen út omtrint 600. It âldste part fan de tsjerke bestiet út dowestien. It rûne koar hat ûnder de daklist in oerstek.
De muorren binne yn de lettere ieuwen op ferskillende manieren oanfolle. Yn de 15de ieu is de tsjerke fergrutte en foarsjoen fan in toer. Nei de rigoeureuze terpôfgraving en troch de hjoeddeiske ûntwettering foar de lânbou is de ûndergrûn ûnstabyl wurden, wêrtroch’t tsjerke en toer fersakje.
Ynterieur: De kânsel is ferfraaid mei mei de hân sniene fersierings út omtrint 1700. Oan de muorren hingje ryk bewurke roubuorden.
Oargel: it 19de-ieuske oargel, yn 1862 boud troch L. van Dam & Zonen yn Ljouwert, is tanksij de súksesfolle fûnsewerving fan de 'Stichting Orgelrestauratie Hogebeintum', hielendal restaurearre. It waard op 28 novimber 2003 wer yn gebrûk nommen.
Gebrûk hjoed-de-dei: Wa’t de tsjerke fan Hegebeintum besytsje wol, kin terjochte by it besikerssintrum 'Terp Hegebeintum”. Yn it seizoen (april o/m oktober) is der sân dagen yn ’e wike in gids dy’t jo nei de tsjerke begelaat en dêr alles fertelt oer de skiednis fan de tsjerke. Alle jierren meitsje inkelde tûzenen minsken gebrûk fan dy mooglikheid.
De tsjerke wUrdt beheard troch de (gemeentlike) 'Stichting Rekreaasje en Toerisme Ferwerderadiel', dy’t it gebou hiert fan de 'Stichting Alde Fryske Tsjerken'. Yn it tsjerkje fine geregeld Frysktalige tsjerketsjinsten plak, ûnder ferantwurdlikheid fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hegebeintum.