Boustyl: Romaansk
Datearring: earste helte fan de 13de ieu
Restauraasje: 1962-1963
Lizzing: Feinsum is wierskynlik ûntstien tichtby in bûtenferbliuw fan it kleaster Mariëngaarde by Hallum.
Eksterieur: It tsjerkgebou is opboud út reade en giele bakstien. It koar is letter grutter makke, de toer is fan de ein 13de ieu. Yn de súdmuorre is in yngongspartij, bekroand mei trije 'sparfjilden'. Yn de noardmuorre is in bôge fan in fuorthelle oanbousel te sjen.
Ynterieur: De tsjerke hat in preekstoel út de 17de ieu. Yn de tsjerkeflier lizze njoggen ryk byldhoude grêfsarken mei alliânsjewapens en medaljonkoppen yn de hoeken.
Omdat de minsken leauden dat de earste frou, Eva, de sûnde yn de wrâld brocht hie, moast de frou troch de noardlike doar (Noarmannepoartsje) de tsjerke ynkomme en siet se ek oan de noardkant.
De byldhoude grêfsarken en nissen yn de muorren binne goed te sjen en de santjinde-ieuske kânsel past hiel moai yn it gehiel.
Gebrûk hjoed-de-dei: Feinsum hat mei buordorp Hijum dêr in mienskiplik doarpshûs. Mar guon Feinsumers fine it dochs aardiger om mei te sjongen yn it koar dat út en troch oefenet yn de ‘eigen’ tsjerke. In gauris weromkommende eksposant yn Feinsum is keunstskilder Jan Mostert. Fierder binne der rou- en troutsjinsten, en kin de tsjerke hierd wurde foar oanre aktiviteiten.