Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Jannum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is altyd in lyts doarp west, besteande út in tsjerkebuorren fan inkele wenningen en wat ferspraat lizzende boerepleatsen. Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp foar in grut part ôfgroeven.

Jannum hearde by de gritenij Dantumadiel en wie it ienichste doarp fan dizze gritenij dat boppe de Ie lei. Mooglik is dat kommen trochdat Jannum yn de hege Midsieuwen in úthôf wie fan it súdlik fan de Ie lizzende grutte kleaster Klaarkamp, mar bewizen binne hjir net foar. Wol hie Klaarkamp hjir nochal wat grûn yn besit, wat mooglik meispile hat yn de grinsbepaling.

Sûnt de gemeentlike weryndieling heart Jannum by Ferwerderadiel. Al hoe lyts it ek wie, it doarp hie wol in eigen feart dy‘t it ûntslute nei de tichteby rinnende Ie. De sterk ôfgroeven hege terp draacht in mei beammen omseame tsjerkhôf mei in romaanske tsjerke. Fierder steane yn Jannum in pear karakteristike boere-arbeidershuzen en in fraaie 19e-ieuske kop-hals-rompbuorkerij. De lytse, toerleaze tsjerke is mei har romanogotyske kenmerken nei alle gedachten om 1300 hinne ta stân kommen. Efter it ienbeukige skip folget it koar mei in justjes ynspringende absis dy ‘t likernôch in ieu âlder wêze sil. Foar dizze koarsluting is in orizjinele oplossing fûn. Binnenyn is dizze heal rûn, mar oan ‘e bûtekant mearsidich, wêrby’t de ûndúdlike hoeken aksintuearre binne troch bakstienen kolonetten ûnder de daksfoet. De finsters, yngongen en de hagioskoop binne yn de deikanten fersierd mei mearfâldige kraalprofilen. Doe’t yn ‘e twadde helte fan de 16e ieu de kape fernijd waard, binne nei alle gedachten en de koepelferwulven fuort helle. Yn it muorrewurk binne dêr noch spoaren fan sichtber.

By de restauraasje yn 1944-1947 die by in opgraving bliken dat de beheinde romte eartiids troch skiedingswanden yn twa fakken ferdield west hat: de earste foar leken, de oare foar geastliken. Nei ferfal is de tsjerke as úthôf fan it Fryske Museum adoptearre en ynrjochte as museum foar midsieuske tsjerklike keunst.

Jellum is in streekdoarp mei in terp-ferline. It doarp is goed in kilometer lang en it fertoant op in pear plakken wat konsintraasje, mar fierders hat it in losse struktuer. Jellum hat him ûntwikkele by de Hegedyk lâns, de dyk fan de eardere Middelsee. Yn it noarden, op de gemeentegrins mei Menameradiel, krúst it spoar Ljouwert-Snits de Hegedyk en op dat plak wie destiids it stopplak Jellum-Boksum. Súdliker stiet by de krusing mei de Smidshoeke rjochting Hilaard flink wat bebouwing. Der binne kreaze middengongwenningen en arbeidershuzen by en oan de nijlânskant, yn de Jellumer- en Bearsterpolder, boppedat flinke boerepleatsen.

Even fierderop, dêr‘t fierder gjin bebouwing is, stiet westlik fan de dyk de fraaiste notabele wenning fan it doarp. It brede middengongpân is omseame troch in parkeftige tún dêr‘t noch in hege wier yn oanwêzich is. De wenning is yn in dekorative mingstyl boud mei profilearre listen mei kúfstikken fan pleisterwurk as wynbrauwen boppe de finsters en mei orizjinele blinen. De doar fan de wenning én dy fan it moai detailleare koetshûs ha beide roasters fan getten izer. De Lytse Dyk fiert nei in grutte kop-hals-rompbuorkerij yn it âldlân mei in opmerklik hege molkenkelder.

Noch wat mear nei it suden ta leit de tsjerkebuorren, wêr by‘t de tsjerke op in wat ferhege hôf oan de kant fan it âldlân stiet. De rige huzen oan de oare kant is yn it nijlân telâne kommen. Ek hjir wer inkele middengongwenningen, mar ek lytsere soarten huzen. It tsjerkhôf is omseame troch in hage fan bûke-, line- en liedlinebeammen.

Jellum hat in kreaze, mar net sa‘n spannende 19e-ieuske sealtsjerke, dy’t âldere tsjerken ferfangt. De foarige toer moat benammen in flink hege spits hân ha, mar dy is yn it jier 1832 troch ûnwaar ferwoeste; der moast it nije toer boud wurde. De toer hat foar de 19e ieu kenmerkjende fersierings, sa as rûnbôgefriezen. It skip fan de tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters mei izeren trasearringen. Op it dak lizze blau glazuere Fryske dakpannen.

Jelsum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl. Fan Ljouwert ôf sjoen is dit it earste fan in rige fan de terpdoarpen dy‘t op de eastlike wâl ûntstien is. It doarp wie rjochting Dokkumer Ie ûntsletten troch de Jelsumer Feart of Haskermar súdlik fan it doarp. Oan de Noardkant wie de Koarnjumer Feart like fier fan it doarp ôf. Jelsum lei mar in pear hûndert meter fan de seedyk fan de Middelsee ôf.

Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp oan de noardkant ôfgroeven, it part fan de terp dêr‘t Harinxmastate op stie. Oan de lannen oan de binnenkant fan de noch altyd besteande ringdyk is te sjen hoe grut de omtrint dûbele terp west hat. It súdlike diel is noch op hichte. Dêr stiet no oan de noardkant de tsjerke en is de âlde bebouwingsrâne sichtber. Tusken de ringdyk, Op ‘e Terp en de tsjerke yn is in gersfjild foarme. It plak, dêr’t no Dekemastate stiet wie, te oardielen oan argeologyske spoaren, yn de 13e ieu al bewenne. De hjoeddeiske, omgrêfte sealstins is net sa maklik te datearjen, om‘t der withoefaak wat oan feroare is. Hy wurdt foar it earst neamd yn 1486, is yn 1498 troch brân fernield en al gau dêrnei opnij opboud. Mooglik is de oerwulve kelder noch âlder; der sitte spoaren yn fan smelle finsters of sjitsluven. Om 1540 hinne ferrize der in haadfleugel yn twa boulagen en in noardlike oanbou; in ieu letter in heaks dêrop steande súdfleugel. Yn 1814 binne de ferdjippings fan de haad- en dwersfleugel ôfbrutsen. De tagongsbrêge en de muorre by de doarpskearn binne yn 1905 oanlein. De doarpstsjerke is yn de 12e ieu oplutsen fan dowestien: it fiifkantige koar is yn de 15e ieu yn bakstien fernijd. De noardmuorre fan it skip fertoant sparfjilden en rûnbôgefriezen. De toer is ferriisd yn de 13e ieu. Yn it ynterieur binne de twa hearebanken, de preekstoel en inkele ier-renêssânse sarken fan betsjutting.

Jirnsum is fan oarsprong in ier midsieusk, agrarysk terpdoarp, mar dat karakter hat it alhiel ferlern. It is no in dykdoarp; it doarp is oan ‘e kuier gien.

Yn it lêst fan de 18e ieu, doe‘t de tsjerke noch op de terp stie en de bebouwing op ‘e tsjerkebuorren te finen wie, waard Jirnsum sa beskreaun: “Hier is een needrige buurt, door welke de meergemelde rydweg naar de Schouw loopt, en in het Oosten naby deeze buurt heeft men het algemeene vaarwater der Groote schepen, die van Leeuwarden, door de Lemmer of Stavoren, naar andere Provinciën willen.” It doarp leit westlik fan de Boarn en it hat dêrtroch rjochtstreekse ferbiningen nei alle rjochtingen. It doarp strekte him út by de kant fan de Boarn en de trochgeande rydwei lâns mei bebouwing oan beide kanten. Nei de ferbettering fan de dyk ta ryksstrjitwei yn 1826-1828 waard de bebouwing tichter en koe it doarp him fierder útstrekke. Dêr tuskenyn steane opfallend fraaie boargerhuzen út de desennia om 1900 hinne; de wolstân fan de Jirnsumers is derfan ôf te lêzen.

Yn dit bebouwingslint kamen sa healwei de godshuzen te stean fan de net geringe roomsk-katolike mienskip en de menisten. De fermanje stiet der noch, in ein efter de roailine. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in aardige neoklassicistyske tagongspartij. De roomskkatolike Sint-Michaelstsjerke út 1709 wie uterst sober en is yn 1864 ferfongen troch in neo-goatyske tsjerke dy ‘t oan it noardein fan it doarp kaam te stean en yn 1966 ferfongen is troch de hjoeddeiske tsjerke. Wilens naam de betsjutting fan de Kerkebuert sterk ôf. De midsieuske terptsjerke, wijd oan de Hillige Marcus hie in sealdaktoer en is yn it lêst fan de 19e ieu fanwege (ûnderstelde) boufalligens. De nije tsjerke is, frjemd genôch net wer opnij op ‘e terp boud, mar kaam alhiel oan it súdlike ein fan de streek fan de Rijksweg telâne. It tsjerkhôf bleau, sûnder tsjerke, efter op ‘e tsjerkebuorren. Inkeld de strjitnamme Kerkebuurt is in neitins oan de âlde sitewaasje.

Jislum is in radiaal terpdoarp dat datearret fan inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling. It doarp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 8e ieu as Gisleheim. Dat Jislum in terpdoarp is, falt amper mear op: de wenhichte is om 1910 gruttendiels ôfgroeven. Dat koe gebeure om‘t de terp troch de ieuwen hinne altyd tinbefolke bleaun is. Nettsjinsteande dat de terp fergroeven is, kin oan de yndieling fan de perselen it súdeastlike part noch wol werom kend wurde.

Even nei healwei de 19e ieu is de trochgeande ferhurde dyk fan Ferwert nei Burdaard oanlein. Dy waard yn Jislum lyk as by Ginnum oer de terp hinne lein. Opmerkliker is dat ek bûten de oarspronklike omfang fan de terp oan de súdkant, it radiale segmint trochrint yn it lânskip oan sels in part fan in ringfoarmich paad ta dat mooglik rom om de terp hinne lein hat. Der stiet wat bebouwing oan de trochrinnende dyk en fierder agraryske bebouwing ferspraat troch it lân hinne. Noardlik fan de tsjerke stiet op in restant fan ‘e terp in kop-hals-rompbuorkerij mei in oerdwers pleatste, legere stâl-fleugel. Op it folle súdliker lizzende stateterrein fan Groot Hickaerd stiet sûnt 1914 in stjelpbuorkerij. De Tegenwoordige Staat van Friesland besteget yn 1786 net sa folle wurden oan it doarp: “JESLUM, een klein dorp, welks toren eene spits heeft, terwyl alle de overige torens deezer Grieteny gemeente huisdaken hebben .” It wie dus de ienichste tsjerke dy‘t gjin sealdaktoer hie.

It tige sobere tsjerkje hie in simpel houten geveltuorke. Der stiet wilens in nije tsjerke dy‘t yn 1886 ien of twa foargangsters ferfangt. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en yn bakstien omliste rûnbôgefinsters. De tsjerke krige in kloeke toer oan de westkant. Hy hat trije segminten en yn de rjochthoekige sparfjilden binne rûnbôgige nissen oanbrocht. Mei boppe de westlike yngong sels in roasfinster. Yn de toer hingje in yn 1445 troch Johannes van Wou getten klok en in klok út 1636 fan Jacob Noteman.

Jistrum is in doarp dat it midden hâldt tusken in lang útrekt streekdoarp en in iestdoarp omdat it in brink-eftige romte yn ‘e midden hat. It doarp is yn de Midsieuwen eastlik fan de Burgumer Mar op in sânrêch ûntstien. In sânrêch dy‘t fan de lege wâl ôf oer noch gjin kilometer oprint oant 3,7 m. boppe N.A.P. en dy‘t fan it noardwesten ôf – de Iest – mei in bûging nei it easten ta rint.

Op de gritenijkaart fan 1716 is de kom goed te sjen, lyk as de mei beammen omseame diken en paden dy‘t oer de rêch yn noardwestlike en eastlike rjochtingen ferbiningen lizze. Nei it suden ta leit in paad rjochting Knillesdjip dêr‘t de Bargetille by Skûlenboarch nei Eastermar ta fiert. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “een dorp, in ‘t Noorden en Oosten, aan Achtkarspelen palende, en insgelyks zeer vermakeyk door de menigvuldige plantagien en bouwlanden. Verscheiden persoonen zyn hier ryk geworden door de heidevelden in goed bouwland te veranderen ....Zuidwaarts loopt dit dorp tot aan de zogenoemde Bargetille, en heeft Noord- en Noordwestwaarts, de buurtjes de Meeren en de Eest onder zich. De kerk heeft een stompen toren en eene goede buurt rondsom zich, door welke een rydweg naar de Kooten loopt; ook schiet eene vaart van dit dorp naar het Bergummer meer.”

Yn de haadstrjitte, de Schoolstraat, stiet foar it measte frijsteande fariearde bebouwing. In opfallende pleats fan likernôch 1800 stiet op nûmer 31. It foarein is oan de lange kant útboud foar mear wenromte en in grutte souder. Yn Jistrum binne mear pleatsen te finen mei útboude wenromten, sa as dy oan de Tillewei 1 út om-ende-by 1820.

De romano-goatyske tsjerke is healwei de 13e ieu op in hichte yn ‘e midden fan it doarp boud. Se hat in healrûn sletten koar, in toer mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en mei in sealdak. It skip hat lytse rûnbôgefinsters en is fersierd mei in keperfries. Ynwindich wurdt it dutsen troch koepelferwulven mei elk acht rûnstêfribben .

It Jonkerslân is in jong streekdoarp, dat him yn de 20e ieu út in buorskip by Langsweagen ûntjûn hat. Yn dizze súdwestlike hoeke fan Opsterlân stie alles oant fier yn de 19e ieu yn it teken fan de turfwinning. Yn it noarden wie foar dat doel tusken Langsweagen en It Jonkerslân yn de Nije Feart groeven en wat mear nei it easten ta de Nijsleatster Feart, dy’t súdliker in Nijsleatster Dwersfeart krige.

Yn de omjouwing fan de lêste fearten bestie healwei de 19e ieu in beskieden delsetting fan in pear streekjes mei frij losse bebouwing. It buertsje dêr‘t de bebouwing wat tichter wie waard doe Nije Feart neamd. Yn it easten, oan de útrin fan it út it noarden wei groeven Jonkers Rak en de Alde Jonkersfeart dy‘t him wer fuortsette yn de Jonkerslânfeart, lei in oare buert: Dekema. Súdlik fan dit gebiet, krekt op it grûngebiet fan de gemeente Schoterland, no It Hearrenfean, lei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

It Jonkerslân is oan de dyk tusken It Hearrenfean-Langsweagen en Koartsweagen-De Gordyk groeid nei‘t de ôffeane hege feanen fan it lêst fan ‘e 19e ieu ôf yn kultuer brocht waarden. Dat wie mooglik nei dat foar it ôffeane lân feanpolders mei in goede wetterbehearsking ynrjochte wienen. Der is yn It Jonkerslân nea in tsjerke ta stân kommen; de agraryske mienskip bleau tsjerkjen yn Langsweagen. Wol kaam der yn It Jonkerslân in iepenbiere legere skoalle. Súdlik fan It Jonkerslân heart it buorskip mei de nuveraardige namme Sing Sang no by dit doarp.

Geandewei de 20e ieu is it doarp stadichoan groeid: yn de nei-oarlochske jierren is dat proses noch wat fersterke. Sadwaande hat It Jonkerslân in fariearde bebouwing fan buorkerijen en wenningen út alderhande perioaden. Op de hoeke fan Fûgelsang en Feanborch is it wyt ferve doarpshûs it middelpunt fan it doarp. De measte buorkerijen binne beskieden; der stiet ek in oantal gruttere pleatsen mei foarein. Ferskate wenningen ha it karakter fan lânarbeidershúskes, mar der binne ek brede, oerdwers boude wenningen te finen. Oan de Jelle Beenenwei is fuort nei de oarloch in rige tradisjonalistyske dûbele wenningen boud.

Jorwert is in terpdoarp dat ûntsletten waard troch de Jaanfeart, dy‘t ek wol de Jorwerter Feart neamd waard en dy‘t mei grutte slingers troch it lân rint en Swette en Frjentsjerter Feart ferbynt en dêrby de westlike doarpsgrins fan Jorwert rekket. Oer de dyk binne der jongere ûntslutings oer de Arsumerdyk nei de Hegedyk, de dyk fan de eartiidske Middelsee en de Lucht en Veldsterdyk rjochting Baard.

De kearn fan Jorwert bestiet út de hege, promininte tsjerketerp mei dêromhinne in rom tsjerkhôf. Op it hôf in dûbele hage en seamen fan iperen beammen, bûken en linebeammen. De ringdyk om de tsjerketerp is oan de east- en noardkanten ferbrede ta in strjitte en oeral rjochtet de bebouwing him nei dizze kearn ta. Oan de tsjerkebuert, de Sluytermanwei, stean súdlik fan de tsjerke twa grutte notabele wenten yn mingstyl, de earste, de pastorije (1871) efter in djippe tún. Skean dêr tsjinoer riist it wyt ferve kafee op en dêrneist is, frijwat bûten de roailine, de ferneamde notariswenning te finen. Ferneamd, omdat elk jier yn augustus yn de tún it drok besochte iepenloftspul opfierd wurdt.

Tsjin de tsjerke oer strekt him lege, sletten bebouwing út, mei dêr tuskenyn opfallend in pân fan ienfâldige steatigens fanwege it stoepestek dat efteroer linet. Op alderhande plakken yn de tsjerkebuert binne steechjes mei efterbebouwing fan meastal beskieden, freonlik eagjende húskes fan giele stien te finen. De tsjerkebuert hoeket fierder om it noarden fan it tsjerkhôf hinne: de bebouwing wurdt rjochting brêge oer de Jaanfeart hinne ynformeler. By de feart is in lyts wetterbuertsje foarme. Oan de foarkant liedt de Master Fopmawei it doarp yn. Dêr stiet oan wjerskanten in ryk ferskaat oan huzen, diels mei brechjes oer de bermsleatten, fan wenningwet- ta notabele wenningen. Tsjerke en toer binne fan dowestien boud. De tsjerke is betiid-12e-ieusk en hat in ferlingd koar mei ûngelikense, lytse rûnbôgefinsters. De toer is út de lette 12e ieu mei sparfjilden, keperfriezen en keppele galmgatten mei diel-pylderkes. By de restauraasje yn 1951 stoarte de toer yn en waard wer opnij opboud.

De Jouwer is in delsetting mei in lytsstedsk karakter, in flekke. De flekke is as buorskip fan Westermar yn de 15e ieu ûntstien op in sânrêch. Westermar wie yn de Midsieuwen ien fan de doarpen fan it Hasker Fiifgea, de rige fan fiif tsjerkedoarpen op in heger lizzende sânrêch yn Haskerlân. Fan Westermar resteart allinne noch de 13e-ieuske toer: de tsjerke is, doe’t se yn ferfal rekke, yn de 18e ieu ôfbrutsen. De toer is fan kleastermoppen en lytsere roaswinkels boud en is foarsjoen fan sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De toer is no de wachter op it grutte tsjerkhôf.

Even bûten Westermar lei it buorskip De Jouwer. Foar de ûntwikkeling fan hannel en bedriuwichheid lei it geunstich oan de rydwei nei Gaasterlân en oan in goed farwetter, de Sylroede en de feart mei de namme Aldewei. Oan it ein fan ‘e Sylroede waard yn 1614 in haven groeven, de Kolk en de Overspitting koenen no oan de efterkant de streek ûntslute. Joure oerfleugele yn de 17e ieu it memmedoarp Westermar yn in rap tempo. Nei de herfoarming is it net mear de muoite wurdich om de tsjerke fan Westermar foar de nije earetsjinst yn te rjochtsjen: yn De Jouwer bart dat nei 1580 wol.

De flekke hie neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland al yn 1788 alluere: “Joure is allengs van een klein beginzel opgekomen: ‘t zelve was reeds in de zestiende eeuw vry aanzienlyk, doch is na dien tyd nog vergroot. Thans telt men daar ruim 330 huizen, alle voorzien met meer of minder groote tuinen, doorgaans van 130 tot 140 voeten lengte .... Het aanzienlykste deel deezes Vleks is eene dubbele en byne rechte streek huizen ..., evenredich gebouwd ter lengte vanongeveer 900 treden .... Ook zyn de straaten zeer net gevloerd met Keisteenen, in den jaare 1615, gelyk in ‘t midden des Dorps in eene straat met witte Keisteenen is afgebeeld. Langs de huizen zyn de straaten gevloerd met klinkerd steenen, zo net als in eenige Stad plaats heeft: ook worden ze niet minder zindelyk onderhouden.”

Dat De Jouwer yn dy tiid al in warber doarp wie waard ek opmurken: “Het ontbreekt de Joure aan geene Konstenaars en Ambachtslieden: men vindt ‘er vier Smeden, verscheiden Timmerlieden, Kast-, Kist- en Uurwerk maakers, welke laatste hunne huisklokken alom verzenden.Ook vindt men hier eene Lynbaan en twee vermaarde Scheepstimmerwerven .... Hier zyn insgelyks twee Pottenbakkeryen, welke eene inzonderheid een’ grooten naam heeft .... Insgelyks zyn er twee Brouweryen ... en daarenboven verscheiden bloeiende Winkels in allerhande waaren, die hunne goederen onmiddelyk van Amsterdam krygen, met den Beurtman, die alle weeken ... derwaarts vaart.”

De Jouwer is in plak fan ambacht en yndustry bleaun. Yn de Midstrjitte foarmet de yn 1628 boude mânske doarpstoer it hichtepunt. Hy wurdt bekroand troch in brede balustrade en in lantearnekoepel. Op de ferdjipping is de keamer fan de fjouwerskaar ûnderbrocht.

De twa-beukige tsjerke is yn 1644 efter de toer oplutsen yn giele stien. Grytman Hobbe Baerdt wie de inisjatyfnimmer, sa as it poartsje oan de Midstrjitte fertelt. Tusken de grutte, troch reade stien omliste finsters yn stean steunbearen yn de foarm fan pilasters. De twa ûngelikense, ynwindich troch fiif kolommen en skiedingsbôgen yndielde beuken wurde mei elkoar troch ien mearsidich koar sletten. De menisten bouden yn 1824 bûten de roailine, in sealtsjerke yn in ynbannich neoklassisisme.

Mear nei it easten ta kaam de roomskkatolike tsjerke krekt yn 1952-1953 ta stân efter in toer út 1866-1867. Se is in trijebeukige basilyk mei kenmerken dy‘t ferwize nei de ier-kristlike tsjerkebou. It haadgebou fan it âldereinhûs De Vlekke, ea wenning en letter ek riedshûs, is in deftich neoklassicistysk pân mei in balkon en in fronton op pylders. De Midstrjitte wurdt oan de iene kant flankearre troch de Merk en it parkje fan Ter Huivra mei meastal resinte bebouwing, oan de oare kant troch it park fan it ferskate kearen fernijde Heremastate, no it gemeentehûs. De flekke is yn it earstoan benammen oan de súdwestlike kant útwreide, letter ek oan de noardeastkant.

Jouswier is in terpdoarp dat troch de ieuwen hinne it lytste doarp fan Eastdongeradiel wie en dat is it ek bleaun. Om de terp hinne ha altyd mar inkele huzen en boerepleatsen stien. Yn de omjouwing leit noch wat fersprate agraryske bebouwing. De terp is gruttendiels ôfgroeven en der is gjin patroan yn de struktuer mear te werkennen. Lykwols liket it der op dat de terp in rjochthoekige blokferkaveling kend hat. Dat soe betsjutte kinne dat it in relatyf jonge terp is. Mar it feit dat it terprestant frij heech is - benammen goed te sjen oan de westlike kant – wiist wer op in hege âlderdom.

Jouswier leit frij ticht by de Suder Ie, in foar dit gebiet belangrike ûntsluting. Eastlik fan it doarp leit de Jouswierster Tille, ek wol de Grutte Tille neamd, oer dit wetter. Dizze brêge ferbynt it noarden en suden fan de gritenij mei elkoar. De Bergsmaweg fiert nei dizze dyk dy‘t Mitselwier mei Ie ferbynt.

De tsjerketoer mei sealdak is ferriisd yn 1752 en krige yn 1915 in klampe. Der hinget in âlde klok yn: yn 1395 getten troch Hermanus. De tsjerke, oarspronklik wijd oan Petrus, is in ienbeukich gebou mei in fjouwerkantige sluting, dat yn 1557 ta stân kaam. Yn de 19e ieu is der fan alles feroare: in 1823 binne de finsters fernijd, yn 1858 is it gebou wat ferhege en waard der in nije kape mei in tonferwulf oanbrocht. Yn 1876 is it tsjerkeskip bepleistere. Dizze bepleistering is by de restauraasje fan 1978 wer ferwidere, op de rânen fan de deikanten fan de finsters nei. Yn 1987 is de tsjerke opnij restaurearre. Yn it ynterieur falle de blakers op de banken en de kearsekroanen op. De tsjerke hat ntl. gjin elektryske ferljochting. Trije 18e-ieuske, ryk snieëne roubuorden dominearje dit ynterieur. Se binne fan Willem Bergsma. Bergsma hat it troch handich manûvrearjen mei stimmen brocht ta grytman fan Eastdongeradiel.

Jobbegea is in dûbeld streekdoarp dat yn ‘e rin fan de 17e ieu ûntstien is. Earst as agrarysk doarp oan de ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek yn Eaststellingwerf dy‘t eartiids de Binnenweg neamd waard en no de namme Schoterlandseweg hat. It wie de ûntsluting foar de ferspraat steande bebouwing. Súdlik fan dizze as leit ek noch de bûtenwei, mar dy wie healwei de 19e ieu al wer ferfallen.

Yn it suden strekke har healannen nei de fallei fan de Tsjonger út. Dit part fan it doarp hjit Jubbega-Schurega. Dêr hat yn it easten de tsjerke stien, mar dy is al gau ferfallen en ôfbrutsen sadat it tsjerkhôf oer bleau. By de trijesprong fan de frij nije dyk nei de Gordyk is yn de 20e ieu fertichting yn de bebouwing groeid. Der waard yn opdracht fan grytman Martinus van Scheltinga yn 1713 oan de Kerklaan in nije tsjerke boud: in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting. It houten tuorke is krekt yn 1910 op de foargevel kommen. Fuort yn ‘e buert stiet de kloeke pastorije yn in opmerklike mingstyl fan tradisjonalisme en ekspressionisme, yn 1920 boud nei it ûntwerp fan P.H. van Lonkhuyzen. Oan de Schoterlandseweg 55 stiet de lange legere skoalle mei in skoallehûs út 1917 dy’t yn de details sierlikheden fertoant fan Jugendstil. Oan it begjin fan de P.W. Janssenweg is yn 1933 in ambachtsskoalle mei masterswenning boud. Oan de Schoterlandseweg stean fierder ûnder mear freonlik eagjende boargerswenten út de tusken-oarlochske jierren, bgl. in rychje mei brutsen kapen. Dêr njonken stiet op nûmer 93 in blokfoarmige wenning, nei alle gedachten ea in winkel, út ûngefear 1930 mei opfallend útkragend read mitselwurk en in brutsen kape. By de krusing foarmje oan de Gorredijksterweg twa rigen fan tradisjonalistyske dûbele wenningen út om-ende-by 1948 in freonlik oandwaande begelieding. Dit type wenningen is ek fierderop oan dizze dyk, de nûmers 60-66 en 75-77, te finen, by de krusing mei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart dêr‘t ek de suvelfabryk, dy‘t wylst net mear yn gebrûk is, boud waard. Yn de lânerijen súdlik fan Jubbega-Schurega stean inkele buorkerijen.

Oan de Nijeberkoperweg stiet by de in de jierren 1886-1888 kanalisearre Tsjonger in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjaletstyl. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy‘t om 1890 hinne oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger, dy‘t wol feroarings ûndergie, mar mei wenning en in slanke, izeren flapbrêge in fraai ensemble foarmet. Noardlik fan de dyk leinen hege feanen en dêr kaam yn ‘e rin fan de 18e ieu as gefolch fan de turfwinning in twadde wenkearn ta ûntwikkeling by de yn 1774 boude tredde slûs yn de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

Oan de wiken dy‘t it fean yngroeven waarden om foar ûntwettering en ferfiers-ynfrastruktuer te soargjen, setten de feanarbeiders har te wenjen yn heidehutten. Dêrtroch waard it gebiet tusken de Binnenweg en de Skoatterslânske Kompanjonsfeart, de saneamde Kompenije, in streek fan sprekwurdlike earmoede. Hjir hat de P.W. Janssen’s Friesche Stichting om 1900 hinne goed wurk dien troch arbeidershuzen en lytse boerespultsjes foar de lânarbeiders te bouwen. Der stean ek noch in pear oan de P.W. Janssenweg by de krusing Luxemburg. Nei de aktiviteiten fan dizze filantropyske stichting namen de wenningbouferienings nei it yngean fan de Wenningwet inisjativen. Ek de spoaren fan de iere organisearre folkshúsfesting waarden geandewei minder. In fraaie rige folkswenten út om-ende-by 1930 stiet noch oan de Belgyske wyk. Oan de Skoatterslânske Kompanjonsfeart is yn de tusken-oarlochske jierren bebouwing ta stân kommen. Oan de súdkant frij sletten bebouwing fan benammen wenhuzen, oan de noardkant losser en mei in tal buorkerijen. Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe‘t dizze streek in streekrjochte ferbining mei de Gorredijksterweg krigen hie, binne oan de súdkant fan de streek flinke útwreidings groeid. Dit wie foar in grut part te tankjen oan de wenningbouferiening dy‘t hjir grutte oantallen wenningen boud hat. Yn de Kompanjonsfeart binne dammen lein en mei it omseamjen fan beammen is it al mei al in sfearfolle wengrêft wurden.

Jutryp is in lang útrekt streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen súdlik fan Snits ûntstien is as in wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westkant fan de feart it Far. Sûnt de oanlis yn 1843 fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer oan ‘e eastkant fan it wetter, makke in part fan it doarp geandewei in draai fan 180 graden en hat it him ûntjûn ta in dyksdoarp en groeide sadwaande ek fêst oan it buordoarp Hommerts. Mar it noardlike part leit by de Binnenwei lâns, fierder fan de drokke strjitwei ôf en fertoant noch altyd de âlde struktuer.

Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851 is dit proses te sjen. Begjin 18e ieu is alle, benammen agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Jortryp, doorgaans genaamd Jutryp, en het volgende dorp Hommerts zyn gelegen tusschen de beide Wymertsen aan eene oude moerige vaart, van ‘t eene dorp naar ‘t andere loopende: aan den Oostkant deezer vaart ziet men de Kerk, hebbende een’stompen toren, en ook de meeste huizen en plaatsen. ... Ten Noorden en ten Westen strekken de landen des Dorps zich uit tot aan de Stads Gerechtigheid van Ylst, ten Oosten aan Oppenhuizen, en ten Zuiden aan Hommerts.”

De âlde stompe toer waard yn alle gefallen oant healwei de 19e ieu ta hanthavene, mar de âlde tsjerke mei moai skilder- en snijwurk, is om 1819 hinne ferfongen troch in nij gebou mei opnij in toer mei spits. Ek dizze tsjerke koe net bestean bliuwe en is yn it begjin fan de santiger jierren sloopt.

Yn Jutryp stiet in oantal monumintale pleatsen. Dy oan Binnenpaed 46 hat in deftich foarein en de kop-rompbuorkerij op nûmer 12 fertoant ekspresjonistyske trekken út de tritiger jierren.